CWI helpt 45-plussers

© Omrop Fryslân
Op tsien plakken yn Noard-Nederlân krigen wurkleaze 45-plussers woansdei de kâns om yn de kunde te kommen mei harren nije baas. Dit kear net yn in saai kantoar, mar lekker ûntspannen yn in restaurant op It Hearrenfean.
It CWI en de UWV brochten se byinoar, omdat de wurkleazens by dizze groep minsken heech is. De lêste oardel jier hat it CWI 12.000 45-plussers oan in baan holpen troch dit soarte byienkomsten.