Nieuwstraten giet fuort by PJ

Peter Nieuwstraten
Skoallemienskip Piter_Jelles moat op syk nei in nije foarsitter fan de Ried van Bestjoer. De hjoeddeiske foarsitter, Peter_Nieuwstraten hâldt der augustus takom jier mei op. Hy is ta oan in nije útdaging.
Nieuwstraten is sûnt 1998 ferbûn oan Piter_Jelles. De skoalle hat njoggen festigings yn Ljouwert, Dokkum, Kollum en Sint_Anne. De lêste jierren wie der krityk op it funksjonearen fan skiedend foarsitter Nieuwstraten. Dit hie benammen te krijen mei lesroasters.