Viando yn finansjele problemen

Viando yn Feanwâlden, in bedriuw foar hûne- en kattefreten, hat finansjele problemen. Dat lit it fakbûn CNV witte. It bedriuw is dizze wike ticht en sa´n 60 meiwurkers sitte thús.
Viando wol sels neat sizze oer de situaasje. Nei alle gedachten binne de grûnstofprizen te heech, wêrtroch´t it bedriuw te min omset draait. Sneintejûn wurdt wol wer fan start gien mei de produksje. De meiwurkers krije freedtemiddei útlis oer de stân fan saken.