Plan: 3 nije ambulânseposten

05 jun 2008 - 11:35

By Burgum, Jirnsum en Tsjerkgaast moatte nije ambulânseposten komme. Dat stiet yn it nije lanlike plan foar de ambulânsesoarch fan it ministearje fan VWS.

Minister Klink hat it plan tongersdeitemoarn oanbean oan de Twadde Keamer. De nije posten yn Fryslân binne nedich om earder by in ûngelok wêze te kinnen, sa seit it ministearje. Yn it plan stiet dat ek Stiens in ambulânsepost krije moat, mar dy is der ferline jier al kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)