Teststrip by alkoholkontrôle

05 jun 2008 - 10:40

De plysje yn Smellingerlân kin mei in spesjale teststrip better optrede tsjin minsken dy´t alkohol brûke op de iepenbiere dyk.

Foaral by eveneminten soargje minsken mei tefolle drank op foar in soad oerlêst. Faak giet it dan om minsken dy´t frisdrank by harren hawwe, dêr´t sterke drank yn sit. De teststrip ferkleuret as der sterke drank yn it spul is. Ofrûne snein waard op grûn fan sa´n kontrôle in 17-jierrige jonge op de bon slingere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)