Marcel Beima earste yn Spanje

Marcel Beima wint etappe yn Spanje
Hurdfytser Marcel_Beima helle woansdei in hiel moaie oerwinning. De ynwenner fan Hurdegaryp wûn de tredde etappe fan de Volta_a_Lleida, in etappekoers yn Spanje. Yn de einsprint fersloech Marcel de Spanjert Antonio_Garcia. It peloton kaam 24 tellen letter oer de streek.
Troch de winst is Marcel_Beima no ek de lieder yn it klassemint. De wedstriid yn Spanje duorret noch oant en mei sneon