Qbuzz hat noch gjin bussen

04 jun 2008 - 21:55

Reizgers yn Súdeast-Fryslân moatte it fan desimber ôf dwaan mei in nij ferfiersbedriuw dat noch gjin bussen hat. It nagelnije bedriuw Qbuzz út Amersfoort hat as iennige in bieding dien op de konsesje dy´t no noch yn hannen is fan Arriva. De oare bedriuwen fine de easken dy´t de provinsje stelt ûnhelber.

Reizgers hoege net benaud te wêzen. As de provinsje akkoart giet , komme de sjauffeurs oer fan Arriva en dan stean der ek sechtich nije bussen klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)