DDB-blokkade Heiloo ek ferbean

© Omrop Fryslân
De aksjefierende boeren fan ´e DDB moatte de blokkade by Campina yn Heiloo fuortendaliks opheffe. Dat hat de rjochtbank yn Haarlem woansdei bepaald. De molkprodusint hie dêroer in koart pleit oanspand tsjin de Dutch Dairymen Board. Dy hie it gebou blokkearre om in kostendekkende molkpriis ôf te twingen.
It ôfrûne wykein blokkearren de boeren ek al sân fabriken fan Friesland_Foods. Dy blokkades waarden moandei al troch de rjochter ferbean.