Adema: busferfier nei Qbuzz

Deputearre Piet Adema
It iepenbier ferfier yn Súdeast-Fryslân giet nei ferfiersmaatskippij Qbuzz. Altearst, as de bieding fan it bedriuw oan alle easken foldocht. Dat seit deputearre Piet Adema.
Qbuzz hat as iennige in bieding dien op de konsesje. De oare ferfiersbedriuwen yn Fryslân, Arriva en Connexxion, hawwe net ynskreaun. Sy fine de easken dy´t de provinsje stelt net helber. Der binne te folle ûnsekerheden om in ferantwurde offerte meitsje te kinnen.