Mooglik ek aksjes by Doeksen

04 jun 2008 - 12:45

Meiwurkers fan Doeksen driigje mei aksje op de fearboaten fan Flylân en Skylge. De ûnderhannelings oer in nije cao tusken fakbûn CNV en Doeksen binne stikkenrûn. It bûn is min te sprekken oer it lêste bod fan it bedriuw. As der net foar 20 juny in oar bod leit, folgje mooglik wurkûnderbrekkings.

It konflikt giet oer de wurkroasters. De meiwurkers fine dat se te folle op ûngaadlike oeren wurkje moatte. As de partijen der net útkomme, dan komme der ein juny prikaksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)