Undersyk nei 'megastâlen'

Der komt in ûndersyk nei megastâlen yn Fryslân. De provinsje wol witte hoe't dy it bêste yn it lânskip ynpast wurde kinne. Mei-inoar binne der yn Fryslân 40 grutte molkfeehâlderijen mei mear as 250 kij. De provinsje is net tsjin de komst fan megastâlen. Wol moatte easken steld wurde oan de hichte fan de gebouwen en de kleur.
De komst fan grutte bargeflats wurdt útsletten. Dêr biede de regels gjin romte foar. Ein dit jier moat it ûndersyk klear wêze.