Kat besketten yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen foar in sjitpartij op in kat by Het_Golden-Cruys yn Dokkum. It sjitten op de boarre moat dien wêze op tongersdei 29 maaie, moarns tusken healwei en kertier foar achten. De kat kaam doe thús en foel fuortendaliks yn sliep.
Omdat de kat troch de poaten sakke, waard in bistedokter besocht. Medisinen holpen net, wêrnei´t ôfrûne moandei in röntgenfoto makke is. Dêrút die bliken dat der yn de rêchwervel fan de kat in kûgeltsje siet.