Man oanhâlden yn sedesaak

Brantgum
In 64-jierrige man út Brantgum is mids maaie oanhâlden omdat er fertocht wurdt fan seksueel misbrûk fan fiif jonges. It misbrûk soe west hawwe yn de perioade tusken oktober 2004 en july ferline jier. Twa fan de jonges wiene doe noch minderjierrich.
It hûs fan de fertochte is trochsocht. Der is in kompjûter yn beslach naam mei berneporno derop. De man moat yn alle gefallen oant 25 juny yn de sel bliuwe. Op dy dei moat de man foar de rjochter-kommissaris ferskine.