Steur nei Heracles Almelo

Fuotballer Sebastiaan Steur
Fuotballer Sebastiaan Steur spilet de kommende twa seizoenen foar earedivyzjeklub Heracles Almelo. De 24-jierrige linker-oanfaller stie ûnder kontrakt by Hearrenfean, mar dy klub ferhierde Steur de ôfrûne twa jier oan Excelsior út Rotterdam.
Steur krijt tongersdei noch in medyske keuring. Hy spile yn it seizoen 2005-2006 trije kompetysjewedstriden foar Sportklub Hearrenfean. Dêryn skoarde er net.