Undersyk nei bijen op eilannen

03 jun 2008 - 21:19

In grut ûndersyk ûnder de bijefolken op de Waadeilânnen moat de oarsaak fan de mysterieuze bijeferdwynsykte oan it ljocht bringe. Oer de hiele wrâld stiet de bijepopulaasje swier ûnder druk fan de sykte: Fryske imkers ferlearen ferline jier 30 % fan de bijen.

Undersiker Romée van der Zee fan Tersoal hat de ôfrûne wiken op Skylge, Skier en Texel de bijen bemonstere en folget dy de kommende jierren yntinsief.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)