Tolboeken Sont op ynternet

In side út ien fan de tolboeken
Goed oardel miljoen skippen dy't fan 'e 16e oant de 19e ieu troch de Deenske Sont fearn binne, komme op ynternet. Kultuer-histoarysk Sintrum Tresoar en de Ryksuniversiteit Grins hawwe dêr 1,2 miljoen euro subsydzje foar krigen fan it Ryk.
Tresoar hat de tolboeken mei de gegevens fan 'e skippen al jierren op film te stean, mar se binne dreech te bestudearjen. De boeken wurde no ynscand en op ynternet set. Dat moat oer twa-en-heal jier klear wêze.