Tarvajärvi werom by H´fean

03 jun 2008 - 14:51

Niklas_Tarvajärvi komt werom by de Sportclub Hearrenfean. De Fin wie it ôfrûne seizoen ferhierd oan De_Graafschap. Tarvajärvi hat sels grutte ynfloed op syn takomst. Hy moat sels oanjaan wat er wol: foar in basisplak gean of opnij ferhierd wurde.

Will_Johnson, it ôfrûne seizoen ek ferhierd oan De_Graafschap, hat gjin takomst mear by de Feansters. Hy mei omsjen nei in oare club.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)