Drugsarrestaasjes Hearrenfean

Ien fertochte hie in himpkwekerij
De plysje hat op It Hearrenfean tolve fertochten oanhâlden foar hannel yn kokaïne, heroïne, speed en GHB. De earste sân binne yn febrewaris oppakt. In 28-jierrige Feanster wurdt sjoen as haadfertochte. Hy is tiisdei feroardiele ta trije jier selstraf wêrfan seis op betingst. Nei oanlieding fan de oanhâldings yn febrewaris binne letter noch fiif minsken oppakt.
De drugs binne ferkocht oan sechstich brûkers, wêrfan't de jongste 15 jier is.