Problemen troch tongerbuien

03 jun 2008 - 12:11

Tongerbuien hawwe tiisdeitemoarn yn it suden fan de provinsje swirrichheden opsmiten. Yn Drachten en Wommels soarge de ynslach fan wjerljocht foar skea oan ´e elektryske ynstallaasjes yn wenhuzen. Der ûnstie gjin brân en gjinien rekke ferwûne. Op 'e golfbaan yn Beetstersweach sloech it wjerljocht yn njonken trije golfers. Foar safier bekend rekken dy net ferwûne.

Fierders giene ferskate auto-alarmen ôf en wie der wetteroerlêst yn Warkum. De brânwacht koe dêr neat oan dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)