Boarnsterhim moat besunigje

03 jun 2008 - 12:02

De gemeente Boarnsterhim wol de kommende fjouwer jier alle jierren oardel miljoen besunigje. Dit jier moat dat ien miljoen wêze. Dat is nedich om't der allinnich dit jier al in tekoart fan 5 miljoen driget.

De gemeente makket pas fan 't hjerst bekend wêr't it de kommende jierren op besuniget. Wol is dúdlik dat de helte fan it jild fertsjinne wurde kin trochdat amtners mei pensjoen gean en dêrfoar yn 't plak gjin nije minsken komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)