Wjerljocht slacht yn: hûsbrân

03 jun 2008 - 11:02

De boppeferdjipping fan in hûs oan ´e Pieterslaan yn Wolvegea is tiisdeitemoarn troffen troch in brân. De ûnderferdjipping en ek it hûs fan ´e buorlju hiene wetterskea op. De brân ûntstie troch ynslach fan wjerljocht.

De brânwacht ried mei ferskate korpsen út, omdat tocht waard dat der in persoan yn it hûs wie. Dat wie net it gefal. De boppeferdjipping is folslein útbaarnd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)