Grienplan skoalle foar rûnwei

Bogerman College yn Snits
Learlingen fan it Bogerman_College yn Snits presintearje tongersdei in plan foar in grien gebiet oan ´e súdlike rûnwei. De gemeente hie de learlingen om advys frege om´t se sels noch betinke moatte wat der mei it stik grien barre moat. It plan wurdt tongersdei prestintearre oan fertsjintwurdigers fan de gemeente en oan saakkundigen op it mêd fan kultuerhistoarje. Oft de gemeente harren plan dan ek útfiert, is noch net bekend.