Scooter klapt op auto

03 jun 2008 - 10:09

In 16-jierrige jonge út Driezum is moandeitejûn ferwûne rekke nei´t er yn Wâlterswâld mei syn scooter op in auto klapte. De jonge ried op de krusing Tsjerkeleane-Foarstrjitte doe´t er troch in 28-jierrige automobilist út Broeksterwâlde oer de holle sjoen waard. De automobilist joech foarrang oan in oare scooter, mar seach de Driezumer te let.

De jonge is mei ferwûnings oan ´e skonk en ´e holle nei it sikehûs fan Dokkum brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)