Druk op Zonderland enoarm

Epke Zonderland (foto Martin de Jong)
Net de blessueres, mar de tsjindruk fan oaren hat de grutste soarch west fan Epke_Zonderland foar´t er him definityf pleatste foar Peking. Oant it alderlêste momint hat konkurrint Jeffrey_Wammes de druk opfierd. Dat die er ûnder oare troch juristen op de saak te setten en Epke te konfrontearjen mei ûnferwachtse medyske kontrôles.
Ofrûne tongersdei foldie de Lemster oan de eask fan it NOC/NSF om foarmbehâld te toanen.