Earste part N31 iepen

© Omrop Fryslân
Kommende woansdei giet it earste part fan de nije eastlike baan fan de N31 tusken Surch en Harns iepen foar it ferkear. It giet om in stik fan sân kilometer. Dit betsjut dat it ferkear fan de Ofslútdyk nei Harns definityf oer de nije baan ride kin. Omdat it wurk oan de oare kant fan ´e dyk noch wol gewoan trochgiet, mei der noch altyd net hurder as 70 kilometer yn ´e oere riden wurde.
De dyk tusken Surch en Harns wurdt op it stuit omboud ta fjouwerbaansdyk.