Wjerljocht ynslein by Waterstad FM
Radiostjoerder Waterstad_FM yn Snits is flink dupearre. Troch de tonger fan sneon op snein is in soad apparatuer, lykas kompjûters, printers en telefoans stikken gien.
It gefolch wie dat de útstjoerings fan Waterstad_FM en Radio_NL stil kamen te lizzen. De skea leit tusken de 40.000 en 60.000 euro.