Garcia-Garcia nei Vitesse

Garcia-Garcia (foto Martin de Jong)
Gonzalo_Garcia-Garcia komt nei alle gedachten net werom by de Sportclub Hearrenfean. De Feansters ha mei Vitesse oerienstimming berikt oer de oergong fan de Urûguyaanske spiler.
Garcia-Garcia kaam yn de simmer fan 2006 fan AGOVV Apeldoorn. Yn twa seizoenen spile er 14 kear yn de haadmacht fan de Feansters. Yn jannewaris fan dit jier waard er ferhierd oan Heracles_Almelo. Garcia-Garcia moat sels noch wol ta in akkoart komme mei Vitesse.