Mariska Kramer wint Torhout

Mariska Kramer earste yn Torhout
Mariska_Kramer hat snein yn it Belgyske Torhout de memorialwedstriid fan ´e ferline jier ferstoarne duatleet Benny_Vansteelant wûn. Der waard by dy duatlon wat faker wiksele: 10 kilometer rinne, 30 km fytse, 5 km rinne, 30 km fytse en wer 5 km drave.
Mariska_Kramer sette hurd út ein. Har solo-optreden soe oant de einstreek duorje. By de manlju wûn Joerie_Vansteelant, de broer fan Benny.