Boot Holland Aqua yn Snits

02 jun 2008 - 16:07

De earste nije bestimming foar it terrein fan it âlde Flexa-fervefabryk yn Snits is hjoed bekend wurden. WTC-Expo yn Ljouwert brûkt it terrein tydlik foar in hal by de nije wiete ferzje fan Boot_Holland: Boot_Holland_Aqua.

Troch de sloop fan it fabryk is der no ek romte foar sawat tachtich stands yn in tydlike hal fan 4000 kante meter. Boot_Holland_Aqua wurdt hâlden fan 17 oant en mei 21 septimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)