Earfolle fermelding bernebibel

02 jun 2008 - 14:49

De bernebibel 'Over engelen, goden en helden' fan Janny_van_der_Molen fan De_Knipe hat de earfolle fermelding 'Vlag en Wimpel' krigen fan de Griffelsjuery.

Ien en oar is moandei bekendmakke troch de organisaasje fan de priis fan De Gouden en Zilveren Griffel. Dy prizen wurde ein septimber útrikt by de start fan it berneboekebal. Yn it boek fan Janny van der Molen steane ferhalen út it kristendom, de islam, it hindoeïsme en it joadedom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)