Talent Award foar ûndernimmers

© Omrop Fryslân
Achttjin jonge ûndernimmers út de trije noardlike provinsjes sille yn in nij regionaal televyzjeprogramma, de Talent_Pitch_Award, stride om 20.000 euro. De dielnimmers, seis út eltse provinsje, moatte harren foar in sjuery presintearje en motivearje wêrom´t sy rjocht hawwe op it jild.
It programma is in inisjatyf fan de Keamer van Keaphannel, de Noardlike Untwikkelingsmaatskippij, it ynnovaasjenetwurk Syntens en it Technologysintrum Noard-Nederlân.