Amir Nicolai wint FK skaken

02 jun 2008 - 10:53

De 16-jierrige Amir_Nicolai fan Dokkum is snein Frysk kampioen skaken wurden. Yn de sande en lêste ronde wûn er mei swart fan de grutte favoryt Migchiel_de_Jong. Nicolai ferlear yn it hiele toernoai mar ien partij fan de noch twa jier jongere Nick_Bijlsma. Amir is ien fan de talinten fan ´e Dokkumer oplieding.

Migchiel_de_Jong einige troch syn ferlies as twadde. Erik_Sparenburg waard tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)