Man rydt tsjin gevel

© Omrop Fryslân
By in ûngelok yn Bûtenpost binne sneintemiddei trije minsken ferwûne rekke. In 88-jierrige man ried troch de Foarstrjitte en hie syn auto net mear ûnder kontrôle. Mooglik waard hy net goed. Hy ried de stoepe op, dêr´t in fuotgonger noch krekt oan de kant springe koe. De auto kaam stil te stean tsjin in gevel.
De bestjoerder en syn passazjiere rekken ferwûne en moasten nei it sikehûs. De fuotgonger rekke lichtferwûne.