Fertraging by Programmabehear

02 jun 2008 - 10:15

De FNP easket opheldering fan deputearre Andriesen oer de fertraging fan de nije opset foar oerienkomsten en fergoedings foar agrarysk natoer- en lânskipsbehear.

De ynfiering fan it fernijde saneamde Programmabehear fynt net plak op 1 jannewaris 2009, mar in jier letter. Dat docht bliken út stikken foar de steatekommisje foar woansdei. Al jierren is der in soad argewaasje oer de grutte rompslomp fan it besteande systeem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)