Busferfier hast folslein plat

02 jun 2008 - 09:20

Der ride moandei hast gjin bussen yn Fryslân. Waard der ferline wike noch yn de spits riden, sûnt snein ride de sjauffeurs fan Connexxion, dy fan Arriva yn Súdeast-Fryslân en de sjauffeurs fan de Interliner yn Boalsert en De_Jouwer hielendal net mear. Dat betsjut gjin stedsbussen mear en mar in bytsje streekbussen. It giet om aksjes foar ûnbepaalde tiid.

Der wiene moandeitemoarn noch wol reizgers yn Ljouwert dy´t om_'e_nocht op in bus wachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)