CDA ûndernimt aksje alkohol

Resolúsje jongerein en alkohol oannaam
De ôfdieling Fryslân fan it CDA is bliid dat it partijkongres harren resolúsje oer jongerein en alkohol oannaam hat. It partijkongres wie ôfrûne sneon yn Utrecht.
Mei de oanname sprekt it kongres him út foar it meitsjen fan lanlik belied foar ûnder oare hoe âld ien wêze moat om alkohol te keapjen, de slutingstiden yn de hoareka en it opsetten fan in lanlike kampanje oer alkoholgebrûk.