TC ´t Nijlân skriuwt histoarje

01 jun 2008 - 19:38

Tennisclub ´t Nijlân út Ljouwert hat snein histoarje skreaun. De club promovearre as earste Fryske club nei de earste klasse. Op dat nivo hat noch nea in Fryske club spile.

It team bestie út Alex_Grendel, Frank Zeer, Joost_Willekes, Marlies Huurman, Floor_Snoeijing en Wiesje_Verf. Yn de lêste kompetysjewedstriid tsjin Tepci út Apeldoorn moasten fjouwer partijen wûn wurde. Dat barde en dêrtroch koe it kampioensfeest fierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)