Spoar fan fernielings yn Snits

01 jun 2008 - 15:20

De plysje yn Snits ûntduts sneintemoarn dat der in spoar fan fernielings achterlitten wie nei de sneontejûn. Fan it bushokje oan de Toppenhuzerwei wiene alle ruten ynsmiten. By in bedriuw oan deselde dyk waarden bakstiennen meinaam.

Op it Kleinzand waarden in rút fan in wente en in rút fan in kantoar ynsmiten. By in bedriuw oan de Súpmerk waarden ek twa ruten fernield mei bakstiennen. Op de Galigapromenade leine inkelde konteners om.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)