Frou krijt bierglês yn gesicht

01 jun 2008 - 15:18

De plysje docht ûndersyk nei in swiere mishanneling yn Twizelerheide. Yn in kafee krige sneontejûn in 19-jierrige frou dêr in bierglês yn it gesicht. Dit barde neidat se rúzje krigen hie mei in oare frou.

In noch ûnbekende persoan treau it famke it bierglês yn it gesicht. It glês fersplintere dêrby en it famke rûn ferwûnings op. De plysje is op syk nei de frou dêr't se spul mei hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)