Drachtster dea by ûngelok
In 30-jierrige man út Drachten is sneontejûn om it libben kaam by in iensidich ûngelok op de Sint_Magnuswei yn Hoarnstersweach.
De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak mei syn auto fan ´e dyk en botste tsjin in beam. De man wie op slach dea.