Brân yn skuorre Eastrum

01 jun 2008 - 14:21

Der hat sneontemoarn brân west yn in skuorre fan in pleats oan de Heechswei yn Eastrum. De brân waard ûntdutsen troch in meiwurker fan in njonkenlizzende pleats. In part fan de dyk waard fuortdaliks ôfset yn ferbân mei asbest dat mooglik oanwêzich wie.

De brânwacht hat it fjoer útmakke. Der ûntstie flinke skea, mar de lânbouweinen, dy´t yn de skuorre stiene, binne nei alle gedachten sparre bleaun. De plysje hâldt rekken mei brânstifting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)