Eksekúsje-aksje plysjekorpsen

01 jun 2008 - 11:09

De plysjekorpsen yn it noarden hawwe sneon by minsken del west dy´t noch in boete iepen stean hiene of de finzenis yn moasten. Der waard oan 470 Friezen, Grinslanners en Drinten in besite brocht. Dêrby waard foar hast 40.000 euro oan boetes ophelle, 57 minsken giene de finzenis yn.

De trije noardlike plysjekorpsen hâlde ien kear yn it jier in mienskiplike eksekúsje-akjes. Se krije dêrby help fan it ministearje fan Justysje en it CJIB.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)