Molke wurdt net mear ophelle

31 maaie 2008 - 15:53

Friesland Foods is sneon om 17.00 oere opholden mei it opheljen fan molke by de boeren. Troch de blokkades by de molkfabriken hat it suvelkonsern gjin kapasiteit mear om de molke te ferwurkjen.

Goed hûndert boeren stean mei trekker en wein foar de tagongspoarten fan fabriken yn Ljouwert, Warkum, Dronryp en Gerkeskleaster. Ek yn Nijkerk en Lelystêd lizze fabriken plat. Boeren protestearje tsjin de lege molkpriis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)