Hamburger net nei finale

31 maaie 2008 - 14:29

Sjoerd Hamburger hat him net pleatst foar de finale by de wrâldbekerwedstriiden yn Luzern. De skiffeur út Aldeberkeap kaam yn de heale finale op de Rotsee as fyfde oer de streek.

Allinich de bêste trije boaten dogge snein mei yn de finale. Sjoerd Hamburger hat him al pleatst foar de Olympyske Spullen yn Peking yn augustus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)