Oaljeflek yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert is dwaande mei it opromjen fan oalje, dy't by de eardere skipswerf De Greons yn it wetter kaam is. De oalje komt út in âlde kotter.
De gemeente hat in bedriuw ynskeakele dat skermen om de oalje pleatst hat om foar te kommen dat dy him fierder ferspriedt. Mei spesjale apparatuer wurdt de oalje no út it wetter pompt. Skipfeart kin der wol lâns, mar kin wol fertraging oprinne.