Kontenertsjinst op Letlân

31 maaie 2008 - 11:48

It earste skip fan de kontenertsjinst Harns-Moskou set yn septimber koers nei it Letske Liepaja. Oan board hat it skip njoggentich konteners mei guod foar Moskou. Yn Letlân gean de konteners fierder oer it spoar nei Moskou.

It inisjatyf fan de fêste tsjinst komt fan Fryske ûndernimmers dy't Moskou as in groeimerk sjogge. Yn de konteners werom nei Harns sitte saken lykas houtsnippers en weet. Harlingen Seaport regelt it transport.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)