Blokkades by suvelfabriken

31 maaie 2008 - 10:12

Boeren blokkearje mei trekkers en weinen de fabriken fan Friesland_Foods yn Gerkeskleaster, Dronryp, Warkum en Ljouwert. It giet om boeren dy't oansletten binne by de Dutch Dairymen Board. Se protestearje tsjin de lege molkprizen.

Op in byienkomst yn Gytsjerk waard freed al dúdlik dat in soad leden aksjeree binne. Op oare plakken yn Nederlân binne ek blokkades by Friesland Foods. Friesland Foods is ien fan 'e grutste ôfnimmers fan molke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)