Fryske foarlêswike

© Omrop Fryslân
Yn de Fryske foarlêswike wurdt fan moandei ôf oeral yn 'e provinsje de hiele wike yn it Frysk foarlêzen oan pjutten op pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen. Goed 400 minsken lêze foar yn mear as 500 groepen oan sa'n njoggentûzen pjutten. Sy brûke dêrfoar Tomkeboekjes.
De organisaasje fan 'e Fryske foarlêswike leit by it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de Tomkewurkgroep. Alle jierren dogge wer mear bernedeiferbliuwen mei.