Mear bagaazjeromte yn trein

31 maaie 2008 - 09:41

Treinreizgers rjochting Harns kinne fan 't simmer bagaazje makliker meinimme. Arriva bout alve spurttreinen om. Sitplakken wurde omboud ta klapstuollen. De romte kin dan brûkt wurde om bagaazje en fytsen del te setten.

Der komme ek bagaazjeweinen. Reizgers kinne dêr tassen en koffers yn dwaan. By it einstasjon rydt in steward de weinen dan it perron op, wêrnei't de bagaazje wer meinaam wurde kin. It giet foarearst om in proef.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)