Aldeholtpea wint opnij

30 maaie 2008 - 23:17

Fuotbalclub Aldeholtpea degradearret opnij net nei de sechsde klasse. De club wûn freedtejûn de twadde rige strafskoppen fan fuotbalclub Easterstreek.

Ofrûne snein wûn Aldeholtpea de wedstriid om promoasje of degradaasje mei strafskoppen, mar Easterstreek tsjinne nei de wedstriid in protest yn. Aldeholtpea soe de keeper nei de ferlinging wiksele hawwe en dat is net tastien. De KNVB besleat doe dat de strafskoppen oer moasten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)